Wapens en drugs yn beslach naam

© Omrop Fryslân
By in hússiking yn Ljouwert hat de plysje drugs, 59 messen en trije fjoerwapens yn beslach nommen. De 47-jierrige bewenner is oanhâlden. Syn ôfnimmers hiene bekend dat se spul fan him kocht hawwe.
De plysje hat it Drugsoerlêstteam ynset om de saak te ûndersykjen en de man te arrestearjen. De man hie hasj, en kokaine yn syn hûs oan 'e J. Bangsastrjitte. Hy is ûnderwilens foarlaat oan de rjochter-kommissaris.