'Fakânsjehúskes net feilich'

© Omrop Fryslân
In tal fakânsjehúskes op de Waadeilannen binne net feilich by heech wetter. Se falle bûten de wetlike beskerming fan it ryk. De provinsje hat it probleem by it ryk oankaart, mar dy wol dêr neat oan dwaan.
In ûndersyksrapport meldt de situaasje op guon plakken op de eilannen better kin. Der is no beskerming troch in muorke of in rige dunen, mar dat is net genôch. Op it Amelân giet it om húskes yn de dunen by it Noardseestrân.