'Vliehors net te sanearen'

© Omrop Fryslân
De steatssekretaris fan definsje tinkt dat it praktysk net mooglik is it militaire terrein de Vliehors op Flylân te sanearen. Dêr leit neffens in ûndersyk in soad net ûntplofte munysje. Neffens de steatssekretaris meitsje see en wyn in sanearring net út te fieren.
TNO is frege ûndersyk nei de sitewaasje op de Vliehors te dwaan. Mocht de net ûntplofte munysje in grutter gefaar foarmje as earder tocht, dan wurdt it terrein mooglik ôfsletten foar publyk.