Helpkonvoai hast op weromreis

© Omrop Fryslân
It helptransport út Stienwyk foar de slachtoffers fan de tsunami yn Súd-Yndia begjint nije wike oan de weromreis. Der binne trije Fryske sjauffeurs by. It measte guod is yn Fryslân ynsammele. Dat wurdt no ferdield ûnder de slachtoffers.
Fanút Nederlân wurdt der mei in fleantúch noch mear helpguod nei Madras yn Yndia brocht. As dat útdield is oan de minsken en sikehûzen yn Madras rydt konvoai werom.