Trije plakken foar skulpfiskerij

© Omrop Fryslân
Yn it Fryske Seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach meie tenei skulpen wûn wurde. Dat hat Rykswettersteat opnaam yn nije belied oer de skulpwinning op it Waad.
It belied is oanpast om't it tal skulpen yn de besteande wingebieten ôfnimt. De winning is no allinnich tastien yn it Marsdiep tusken Texel en Den Helder, it Fly tusken Skylge en Flylân en yn it Fryske Seegat. It maksimum is ferlege nei 190 kuub skulpen