Minder leden yn Steaten

22 feb 2005 - 20:52

It tal leden fan de Provinsjale Steaten yn Fryslân giet werom fan 55 nei 43. Dat hat de Earste Keamer tiisdei besletten, mei 35 foar- en 34 tsjinstimmen.

It regear wol it tal leden fan Provinsjale Steaten werombringe, sadat de steaten slachfeardiger wurde. De maatregel wurdt trochfierd nei de folgjende steateferkiezings. Dy binne yn 2007. Foar lytse partijen wurdt it no dreger om yn 'e steaten te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)