Twa jier easke foar moskeebrân

© Omrop Fryslân
Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tiisdei twa jier selstraf easke tsjin in 25-jierrige man fan De Jouwer. Dy hat yn novimber 2004 besocht de moskee op It Hearrenfean yn de brân te stekken. De man hat dat bekend.
De fertochte sei foar de rjochter dat er der spyt fan hat. De offisier fan justysje twifelt dêroan. Ut ûndersyk by de psychiater hat bliken dien dat de man himsels oerskat en dat er geastlik net stevich yn syn skuon stiet.