Bekentenissen yn saak Nijlân

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerter jonges hawwe tajûn kroechbaas Johan de Jong om it libben brocht te hawwen. De Jong waard ferline moanne dea fûn yn syn kafee Nijlân yn Ljouwert. Hy wie mei in soad geweld om it libben brocht by in rôfoerfal.
De twa jonges hawwe tajûn dat se útwiene op it jild fan De Jong. Se hawwe noch gjin ferklearring jûn foar it ekstreme geweld dat se brûkt ha. In tredde jonge, dy't krekt as de oare twa oppakt wie, hat noch net bekend.