Stuyvesantkuiertocht heal fol

22 feb 2005 - 15:27

Foar de Pieter Stuyvesant Kuiertocht, dy't yn juny foar de twadde kear hâlden wurdt, hawwe har oant no ta 2800 minsken oanmeld. Oan de tocht kinne maksimaal 4500 kuierders meidwaan.

De 32 kilometer lange kuier giet troch de Stellingwerven en waard yn 2002 foar de earste kear hâlden. Doe diene der 4300 minsken oan mei. De Pieter Stuyvesant Kuiertocht fynt dit jier op 4 juny plak. Goed 200 frijwilligers wurkje mei oan de tocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)