Noch hieltyd kâns op regiostipe

22 feb 2005 - 12:33

Fryslân hâldt kâns op miljoenen oan rykssubsydzje om de ekonomy te stimulearjen. Dat jild is net allinnich feilichsteld foar Ljouwert. Ek plakken lykas Drachten, It Hearrenfean en Harns kinne derfoar yn de beneaming komme.

Yn de Twadde Keamer is dêr in moasje oer yntsjinne troch PvdA en CDA. Dy ha de mearderheid. Minister Dekker fan romtlike oardening woe de subsydzjes eins tenei allinnich besteegje yn kânsrike gebieten, lykas de Rânestêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)