Bekentenissen yn saak Wolvegea

© Omrop Fryslân
Twa fertochten yn de saak fan de ombrochte Libbe de Jong ha bekend dat se him deasketten hawwe. De Jong (53) waard yn jannewaris dea fûn yn syn hûs yn Wolvegea. Ferline wike waarden twa manlju en in frou oanhâlden.
De mannen ha bekend dat se út wiene op jild en dat se Libbe de Jong mishannele en deasketten ha. Nei de arrestaasjes binne der sieraden en antyk fan De Jong by de fertochten fûn. Ek hiene se syn auto's meinommen.