Aksje tsjin ûntslach Kooistra

14 mrt 2012 - 16:47
  • Kooistra kleding Winschoten

De wurknimmers fan kleanwinkel Kooistra yn Ljouwert fiere freed opnij aksje foar acht kollega's dy't ûntslein binne by de festiging yn Appingedam. Dy festiging wurdt op termyn sluten en neffens de direksje is der foar har gjin plakje ergens oars. Fakbûn FNV is it dêr net mei iens en seit dat se pleatst wurde moatte by in oare festiging. It fakbûn freget it winkeljend publyk freed in petysje te tekenjen tsjin it ûntslach.

Kooistra hat festigings ferspraat oer hiel Noard-Nederlân en hat yn totaal goed 80 meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)