Bou filla's Kollumeroard begûn

© Omrop Fryslân
Nei fjouwer jier is projektûntwikkelder Smeeing fan Soest útein set mei de bou fan 175 filla's by Kollumeroard. De kavels fan de filla's binne tusken de 500 en 2000 fjouwerkante meter. Meiinoar kostet it projekt de makelder 33 miljoen euro.
Sawat 60 minsken hawwe belangstelling foar in kavel. De gemeente Kollumerlân tinkt dat it projekt stimulearjend wurkje sil foar de wurkgelegenheid. Yn 2010 moatte de filla's klear wêze.