Personiel Atoglas yn staking

21 feb 2005 - 18:14

Personiel fan it keunststoffabryk Atoglas yn Ljouwert sil fan woansdei ôf stake. Dat wurdt dien omdat de direksje net yngien is op de eask fan it personiel it fabryk iepen te hâlden. De direksje wol it fabryk slute, wylst it personiel noch takomst sjocht foar in bedriuw mei 90 fan de 130 wurknimmers.

De staking begjint pas woansdei, omdat earst de masines ôfsletten wurde moatte. De staking duorret oant de direksje tasizzings docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)