BZN by start Radio NL

21 feb 2005 - 17:16

De nije kommersjele regionale radiostjoerder Radio NL set takom wike tiisdei útein mei syn programma's. Popgroep BZN fersoarget de ôftraap. Radio NL is in inisjatyf fan de eigner fan Waterstad FM, Niko Silvius. Doel is dat der allinnich Nederlânsktalige muzyk útstjoerd wurdt.

De stjoerder sil foarearst allinnich fia de eterfrekwinsje 101.8 te hearren wêze. Underhannelings oer oare frekwinsjes binne noch altyd geande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)