Belizzingsskeel foar de rjochter

© Omrop Fryslân
In supermerk-eigner út Oerterp en syn twa bruorren slepe de Friesland Bank foar de rjochter. De ûndernimmers fine dat in adviseur fan de bank ferkeard mei harren jild omgien is. De meiwurker soe op de opsjebeurs fiersten te grutte risiko's nommen ha, wêrtroch de manlju in pear miljoen euro ferlearen.
It skeel spilet al langer, mar de bank wegeret oant no ta om mei de dupearre ûndernimmers in oplossing te sykjen.