Man (51) spytst by fytsedieverij

21 feb 2005 - 15:37

In 51-jierrige man út Twellingea is sneintemiddei spytst op in stek doe't er in fyts stelle woe. De man woe in fyts fanôf it gemeenteterrein oer in stik fan 1.80 meter heech tille. De punt fan it stek stuts dwers troch de ûnderbúk en it krús fan de man.

De brânwacht hat earst de spyts trochknipt en dêrnei is de man ôffierd nei it sikehûs. Hoe lang de man op it stek hongen hat is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)