Sven Kramer wint WK junioaren

© Omrop Fryslân
Sven Kramer fan Aldskoat is dit wykein yn it Finske Seinäjoki wrâldkampioen reedriden by de junioaren wurden. Kramer soe earst net meidwaan oan dit kampioenskip, om't er ek útkomme mocht op de wrâldbekerwedstriden yn Thialf.
Kramer kaam lykwols werom op dat beslút. Hy woe dochs de wrâldtitel by de junioaren op syn namme skriuwe. Kramer wûn trije fan de fjouwer ôfstannen. Snein waard er ek earste op de 5000 meter.