Boargemaster ferkent nachtlibben

21 feb 2005 - 15:12

Boargemaster Dales fan Ljouwert giet sneon de hiele nacht op stap yn syn stêd om dy better kennen te learen. De nije boargemaster fan Ljouwert hat de hiele moanne febrewaris útlutsen om yn de kunde te kommen mei de stêd.

Op it program stean dakleazeopfang De Terp, in tal kroegen, de hoerebuert De Weaze, in tal koffeeshops. Dales einiget syn stapjûn op in afterparty yn de Grote Hoogstraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)