Burgumer rêden út baarnende auto

21 feb 2005 - 12:28

In 20-jierrige ynwenner fan Burgum is sneintemoarn rêden út syn baarnende auto. De man wie oan de Skoallestrjitte yn sliep fallen yn syn auto, mei draaiende motor. Nei alle gedachten hat er yn syn sliep it gaspedaal yndrukt.

In 53-jierrige Jistrumer kaam op it lûd ôf en seach dat de auto yn de brân stie. Hy hat de slieper befrije kinnen. De Burgumer hat in soad gelok hân. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)