Twadde man oppakt foar oerfal

20 feb 2005 - 17:44

De plysje hat snein in twadde fertochte oanhâlden foar de oerfal fan ferline wike tiisdei op it benzinestasjon oan de Rûnwei-Noard yn Dokkum. It giet om in dakleaze man fan 34 jier.

De plysje hold ôfrûne freed al in oare fertochte oan. De saak is neffens de plysje no oplost. De manlju sille foarlaat wurde oan de rjochterkommissaris. In frou (37) dy't freed ek oppakt waard, hat mei de saak neat fan dwaan. Sy is frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)