Aris wint fan Den Helder

20 feb 2005 - 15:50

De basketballers fan Aris út Ljouwert wûnen sneontejûn yn en fan Den Helder. De útslach wie 105-119. De kompetysje 2004/2005 is no ôfrûn. Aris stiet op in dield fyfde plak tegearre mei Cape Holland.

Aris hat fan de tweintich spile wedstriden alve wûn en njoggen ferlern. MPC Capitals stiet boppe-oan yn de earedivyzje. Sy ha fyftjin wedstriden wûn en fiif ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)