Alvestêdetocht '85 gong hast oer

20 feb 2005 - 15:28

Ald-kommissaris fan de keninginne Hans Wiegel wie yn 1985 fan doel om de Alvestêdetocht healwei de dei ôf te laskjen. Wiegel fûn it teiwaar en de mist in te grut risiko wurden. Dat seit waarfrou Marijke Waalkens yn de televyzjedokumintêre 'It sil heve'.

De tocht gong dochs troch, mar der moast wol in soad klúnd wurde. De dokumintêre oer de tocht fan '85 wurdt sneintemiddei útstjoerd op Nederlân 1 en sneintejûn op Omrop Fryslân tv.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)