Winst foar Harkemase Boys

20 feb 2005 - 13:09

Sneonshaadklasser Harkemase Boys spile sneon op sportpark De Bosk tsjin Dos Kampen. Yn in strieminne wedstriid wûnen de Harekiten mei 2-0. Troch in eigen doelpunt fan Dos Kampen kaam Harkemase Boys foar it skoft op in 1-0 foarsprong.

Yn de twadde helte sette Albert Jan van Zwol de 2-0 op it skoareboerd. Harkemase Boys komt takom wike sneon yn aksje tsjin Urk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)