Opnij previntyf fûllearje

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht opnij in previntive fûllear-aksje hâlden yn Ljouwert. De trochsikings wiene tusken middernacht en de oare moarns om healwei seizen yn it sintrum.
Fjouwerentweintich plysjes diene mei oan de kontrôle. Se trochsochten de bûsen fan 216 minsken en kontrolearren fjirtjin auto's. Dêrby waarden trije wapens fûn. It giet om twa messen en in skroevedraaier. De besitters krigen op strjitte in proses-ferbaal.