Iduna seit gefaarlik konsert ôf

© Omrop Fryslân
Poppoadium Iduna yn Drachten hat in punkkonsert ôfsein út benaudens foar rûzje tusken ekstreem links en ekstreem rjochts. Op 5 maart soe der in benefytpunkkonsert wêze foar de Anty-Faksistyske-Aksje. Nieuw Rechts hat de rie fan Smellingerlân oproppen it festival te kearen.
Iduna besleat dêrop it konsert ôf te sizzen. Der komt wol in punkkonsert op dy dei, mar sûnder de politike lading en mei ekstra plysjetafersjoch.