Moardfertochten langer fêst

19 feb 2005 - 16:41

De trije fertochten fan 'e moard op 'e kastlein fan Kafee Nijlân bliuwe langer fêst.It giet om Ljouwerters fan njoggentjin, achttjin en santjin jier. Alle trije binne se foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.

Justysje hat mear tiid nedich om de moard te ûndersykjen. Sadwaande bliuwe de fertochten no twa wiken langer fêst sitten. De kastlein waard ferline moanne yn syn eigen kafee om it libben brocht mei in swier foarwerp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)