Kramer oan 'e lieding

19 feb 2005 - 12:29

Sven Kramer giet nei twa ôfstannen oan 'e lieding op it WK junioaren. Dat wurdt dit wykein hâlden yn it Finske Seinäjoki. De 18-jierrige rider út Aldskoat wûn freedtemiddei de 3000 meter en einige as sechsde op de 500 meter. Sneon stiet de 1500 meter op it programma en snein de lêste ôfstân, de 5000 meter.

Kramer waard ferline jier twadde. Hy hat dit jier syn sin setten op it kampioenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)