Priis foar VVV-winkel De Jouwer

© Omrop Fryslân
Op De Jouwer stiet de bêste VVV/ANWB-winkel fan Nederlân. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de oerkoepeljende organisaasje fan dizze winkels. Freedtemoarn is it personiel yn in sintsje set.
Neffens it ûndersyk harket it personiel goed nei de winsken fan de klant. Dêrnjonken is de útstrieling fan de winkel goed en wurket der saakkundich personiel. Der binne 56 VVV/ANWB-winkels yn Nederlân.