Konkurrinsje foar Sicko Heldoorn

18 feb 2005 - 17:31

Boargemaster Heldoorn fan Opsterlân krijt konkurrinsje, mochten der yn de takomst boargemasterferkiezings hâlden wurde. Bou-ûndernimmer en Opsterlands Belang-riedslid Hans de Jong wol Heldoorn opfolgje as earste boarger.

De Jong ferliket himsels mei gouverneur Schwarzenegger fan de steat Californië yn Amerika. At dizze akteur it klear spilet om gouverneur te wurden, moat it him ek slagje om boargemaster te wurden, sa seit De Jong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)