Opfolger Heite: 22 sollisitanten

18 feb 2005 - 17:00

De funksje fan boargemaster yn Weststellingwerf hat 22 sollisitanten lutsen. It giet om 16 manlju en seis froulju. De nije boargemaster wurdt de opfolger fan Remco Heite, dy't 15 jier yn Weststellingwerf west hat. Heite nimt ôfskie fanwege sûnensklachten.

Kommissaris Nijpels makket in earste kar út de sollisitanten, dêrnei boecht in kommisje fan riedsleden him der oer. Dy kommisje draacht úteinlik in kandidaat foar oan de minister.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)