Frijmakke Fries trou oan psalm

© Omrop Fryslân
De measte Frijmakke Grifformearde tsjerken yn Fryslân sjonge noch hieltyd gjin gesangen yn de tsjerketsjinsten. Ut in enkête ûnder alle tsjerkerieden yn Nederlân docht bliken dat de frijmakke Friezen trou bleauwe oan it sjongen fan psalmen yn de tsjinsten.
Sûnt de synode fan 2002 binne de regels foar tsjerketsjinsten fersoepele. Benammen yn noardeast-Fryslân moatte de tsjerkerieden lykwols neat fan dizze fersoepeling ha, sa lit de enkète sjen.