Pepergea krijt boeregolf

18 feb 2005 - 10:42

Der komt in boeregolfbaan yn Weststellingwerf. De maatskip Kroon yn Pepergea hat dêr tastimming foar krigen fan de gemeente. By boeregolf wurdt in folle gruttere bal brûkt as by it echte golf.

De earste groep golfers wurdt yn maart yn Pepergea ferwachte. Der wurdt rekkene op sa'n tûzen besikers yn it jier. Foar de maatskip Kroon is de boeregolfbaan in oanfulling op it ynkommen út it boerebedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)