Gea wol 25.000 leden

18 feb 2005 - 10:27

It Fryske Gea wol yn syn jubileumjier trochgroeie nei goed 25.000 leden. De natuerorganisaasje hat op dit stuit sawat 23.000 leden. Yn 2004 krige it Fryske Gea der noch goed 2000 leden by.

Tongersdei waard it earste Frysktalige determinaasjeboekje presintearre. Dêrby waard stilstien by de jubileumaktiviteiten fan it Gea. It Fryske Gea bestiet dit jier 75 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)