Nij útfanhúsplak handicapten

18 feb 2005 - 05:58

Bern mei in slimme mearfâldige beheining kinne nei in nij útfanhuzersplak ta yn Ljouwert. Bernedeisintrim It Kampke oan de Dennenstrjitte hat plak foar fiif bern. It gebou is oanpast: sa binne der brede gongen, in beskutte tún en in saneamde snoezelkeamer. Soarchynstelling Talant hat al in útfanhuzersplak oan de Keizerskroon yn Ljouwert. Der is in soad ferlet fan sokke útfanhuzersplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)