Dronken Poal rydt yn de sleat

© Omrop Fryslân
By Eksmoarre is woansdei in dronken Poal mei syn auto yn de sleat riden. Dat wie oan de Boalserterdyk. De bestjoerder rûn tusken Allingawier en Idskenhuzen, sa melde in tsjûge. De 28-jierrige Poal hie wiete en smoarge klean oan en bloed op de holle.
De man is frijwillich meigien nei it plysjeburo. Dêr woe er lykwols net meiwurkje oan in blaastest. Dêr krige de Poal in proses-ferbaal foar. Syn rydbewiis is ek yn beslach nommen.