HBO teology yn Drachten
Drachten krijt in HBO-oplieding teology. Yn maart set de Evangelyske Teologyske Akademy útein mei proefkolleezjes. Yn septimber giet it echt los. De hegeskoalle hat in dieltiidoplieding teology en in HBO-oplieding pastoraal wurker.
Oant no ta moasten studinten nei Stjinwyk of De Rânestêd ta foar dy evangelyske oplieding. De baptiste-Betheltsjerke stelt lesromte beskikber.