Boeren meie wetter net brûke

18 feb 2005 - 05:51

It ferbodsgebiet foar it brûken fan oerflaktewetter yn Fryslân wurdt mei trije nije gebieten útwreide. Dat hat de Plantenziektenkundige Dienst fan it Ministearje fan Lânbou tongersdei bekend makke. Yn it wetter is de ierappelsykte brúnrot ûntdutsen.

It ferbod betsjut dat de boeren it oerflaktewetter net brûke meie foar de tylt fan ierappels en tomaten. It giet om gebieten yn Ljouwerteradiel, Opsterlân en Wymbritseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)