Tegeltsjebrêge fierder beplakt

© Omrop Fryslân
Ierdewurkfabryk Keninklike Tichelaar yn Makkum is op dit stuit dwaande mei 400 nije tegeltsjes foar de Alvestêdebrêge by Gytsjerk. De tegeltsjes wurde yn april op de brêge oanbrocht. It totaal oan tegeltsjes komt dêrmei op 4.500.
De behearende stichting 'It sil heve' giet ek dêrnei troch mei de ferkeap fan tegels. Doel is dat de hiele brêge yn 2009 bedekt is. Yn dat jier bestiet de Alvestêdetocht 100 jier. Op de tegels stean foto's fan Alvestêderiders.