Prizen op Marneflora

© Omrop Fryslân
Blommetylbedriuw De_Keizerskroon út Mullum hat de sulveren tulp wûn op de Marneflora yn it Grinlanner Warffum. Dat is de grutste fakbeurs foar de blomme- en plantesektor yn Noard-Nederlân.
De_Keizerskroon krige it sifer 9,2 en de opmerking ´toppie´ foar it assortimint keizerskroanen. Braaksma út Ljussens krige de earste priis foar syn kwaliteit tulpen en de priis foar de bêste presintaasje.