Fertochte Jouster foar rjochter

© Omrop Fryslân
De Jouster dy't fertocht wurdt fan brânstifting by de moskee fan it Hearrenfean, moat tiisdei foar de rjochter ferskine. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. De 25-jierrige man besocht yn novimber mei papier en in brânstof de moskee yn 'e brân te stekken. Plysjes koene it fjoer útmeitsje en grutte skea foarkomme.
De Jouster waard oanhâlden omdat syn stim herkend waard, doe't er de brân sels melde op it alarmnûmer 112.