Yllegale steigers yn wenwyk

© Omrop Fryslân
Yn 'e wyk De Sanding yn Drachten binne in soad yllegale oanlisplakken achter de huzen. De gemeente Smellingerlân is dy op it spoar kommen nei in grutte ynspeksje. Bewenners kamen mei klachten oer de steigers fan buertgenoaten.
De gemeente hat 124 oertreders in brief skreaun. It hoecht net yn alle gefallen te betsjutten dat de steigers ferdwine moatte. Troch oanpassing fan 'e gemeentlike regels kin in grut tal dochs noch legalisearre wurde.