Gemeente ferwideret opslachtanks

16 feb 2005 - 15:24

De gemeente Smellingerlân lit twa ûndergrûnse opslachtanks oan 'e Bolder yn Drachten fuorthelje. De grûn is fan mei-inoar tsien eigners. Dy binne wol gauris frege om sels de tanks fuort te heljen, mar om 'e nocht. De gemeente docht it no sels mar.

De kosten bedrage 4000 euro en dy wurde ferhelle op de eigners. Wolle se it dochs noch sels dwaan, dan moat it foar april klear wêze. De tanks moatte derwei om miljeu-redenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)