Nije spiler by Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat foar kommend seizoen in nije oanfaller fêstlein. It giet om de 33-jierrige Jeroen van den Berg, dy't no noch útkomt foar VVOG yn Harderwijk. Dat spilet krekt as Harkemase Boys yn de haadklasse C.
Van den Berg is dêr dwaande mei syn tredde seizoen. Dêrfoar spile er fiif seizoenen by Flevo Boys en earder ek by Cambuur Ljouwert. Hy is klubtopskoarder mei sân treffers.