Teater Romein giet ticht

16 feb 2005 - 14:12

Teater Romein yn Ljouwert slút op ien septimber de doarren. It teater krijt fan takommend jier ôf gjin subsydzje mear fan de gemeente Ljouwert. It bestjoer programmearret dêrom neat mear yn it kommende seizoen.

Teater Romein hat noait goed rûn. Der stiet no noch foar sawat 60.000 euro oan skulden oan artysten en organisaasjes iepen. It is de bedoeling dat Romein no in poppoadium wurdt, mar sûnder gemeentlike subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)