Hope foar skoarstien Drylts

© Omrop Fryslân
De markante skoarstien by it eardere Nooitgedagtfabryk yn Drylts bliuwt mooglik dochs stean. In gemeentlike beswierskriftkommisje fynt dat B en W ûnterjochte in sloopfergunning ôfjûn hawwe. De Stichting Schoorsteen Nooitgedagt hie beswier oantekene tsjin de sloop. It bestjoer is wiis mei de útspraak fan de kommisje. It kolleezje fan B en W moat no besjen oft se it advys fan de beswierkommisje oernimme.