Fideofergaderje foar de eilannen

© Omrop Fryslân
Kabelbedriuw Kabel Noord yn Dokkum fersoarget de foarsjennings dy't de fiif Waadeilannen nedich hawwe om fia fideo mei elkoar fergaderje te kinnen. It bedriuw hat dêroer oerienstimming berikt mei de eilannen. De Waadeilannen wolle mei elkoar fergaderje fia fideo, omdat it tiid en jild skeelt.
Kabel Noord sil neist de ferbining tusken de eilannen ek de apparatuer leverje. It bedriuw hat earder in selde systeem oanlein foar in enerzjybedriuw.