Poppe fan 12 pûn berne yn MCL

16 feb 2005 - 10:40

Yn it MCL yn Ljouwert is tiisdei in baby fan 12 pûn op de wrâld kaam. Dat is yn dat sikehûs noch nea earder bard. It jonkje waard op natuerlike wize berne. Hy hjit Quinten Timothy Bloem.

Gewoanwei waacht in poppe pas 12 pûn nei in moanne of fjouwer. Mei mem en soan giet it goed. Heit Jouke Bloem is tige grutsk op syn bûtengewoane soan. De âlden hiene wol rekkene op in grutte poppe, mar dat er sa swier wie hiene se net tocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)