Bullepolder drege saak foar RvS

© Omrop Fryslân
De Raad van State fynt it dreech om te beslissen oer de bou fan 120 hûzen yn de Bullepolder by Ljouwert. Tsjinstanners fan de bou ha de Raad van State ynskeakele.
De saak tsjinne yn oktober en faak is in útspraak der binnen tolve wike. Dat slagget net mei de Bullepolder, omdat sjoen wurde moat nei drege Europeeske natuerbeskermingsregels. De Raad van State ferwachtet ynkoarten in útspraak dwaan te kinnen.