Hûzen de helte djoerder wurden

© Omrop Fryslân
Hûzen yn Fryslân binne de lêste jierren folle djoerder wurden. Ut de lêste taksaasjes docht bliken dat de wearde fan hûzen mei 56% omheech gien is. Dat is 6% mear as it lanlik gemiddelde. De taksaasje is dien op grûn fan de wenningwearde fan 2003. Hy wurdt brûkt foar it fêststellen fan de ûnreplik guodbelesting (OZB).
Gemeenten hâlde rekken mei de weardestiging fan hûzen. Belestingen geane sadwaande hast net omheech.